Jeugdoantinkens oan tennis kearen werom by Tryater’s Heimwee nei Hurdegaryp‏

Wat spile der gâns jierren lyn ôf op jim tennisfjilden? Wa sloechsto fan de baan? En wa wie dyn earste leafde op it gravel? Yn de publyksfavoryt Heimwee nei Hurdegaryp wurdt der in hilaryske tennissêne spile. Werkenber foar elkenien en nét te missen!

Tryater spilet de foarstelling op 26 maart om 20:00 oere yn Maggenheim yn Makkum. In stik mei in universeel ferhaal oer weromtinke oan dyn jeugdjierren. Gean mei dyn tennisfreonen foar in leuke jûn út!

It rûken fan krekt meand gers fan it tennisfjild, it roppen fan bern op it skoalplein, sleatsjespringe, beltsjedrukke, aaisykje, in ferske fan BZN… Dêr giet Heimwee nei Hurdegaryp fan Tryater oer. De foarstelling duorret in oere en dêrnei kinst lekker herinneringen mei inoar ophelje yn kafee Heimwee. Lourens en Eelco draaie fersykplaatsjes!

Foar groepen fan 10 persoanen of mear biede we in groepskoarting fan 10% op de tagongspriis. Belje dêrfoar mei Jelly Steenstra, 058-2882335 of mail har op j.steenstra@tryater.nl.

Sjoch foar mear ynformaasje en kaarten: www.tryater.nl

Posted in: